De organisaasje Gezond Natuur Wandelen siket begelieders yn Fryslân.

Rients Tijsma is sa’n begelieder yn Drachten. Hy rint ien kear yn de wike in oerke mei in groep fan 10 oant 15 minsken troch de natuer. “We rinne by de rivier De Drait del. In soad minsken kenne De Drait as wenwyk en winkelsintrum, mar it is eins in hiel âld wetter. It is de âlde stream fan Drinte nei de eardere Middelsee.” Syn doel is net om te ûnderwizen, mar om minsken te ynteressearjen foar de natuer. “Sjoch dêr hast de bollepysten, ek wol tuorrebouten neamd.”